Shinbukan – Frysk

Shinbukan yn it Fries

Wolkom ta Shin Bu Kan Kendo keppel

It keppel,
De Shin Bu Kan Kendo keppel is oprjochte in 1975 troch Anton Kemmerling en Jan Snakenborg. De keppel hat bannen mei de Nederlânske Kendo Renmei (de paraplu organisaezje, (www.nkr.nl). Dojo haed instrukteur en sensei Willem Riesenkamp is fjirde dan, krekt sa as Andreas Kroeze sensei. Kroeze is in pear jier lid west fan it Nederlânske nasjonale kendo team. Fisedojo leider is Farley Fukur, út Drachten. Hij is 3e dan yn Kendo, Iaido en Jodo.
Yn de club binnen fierders twa studinten mei twadde dan, en fjouwer met de earste dan. Twa minsken hawwe de earste kyu helle, en der binnen sa’n 10 studinten sûnder graed.
It wichtichste binnen Kendo is de winsk jinsels to ûntwikkeljen troch Kendo to oefenjen.
It motto fan ús keppel is:
Stadich foarút buorkje is gjin skande, it is in skande stil to stean.

Binne jo lid fan in oar keppel yn Nederlân of dèr bûten, dan noegje wy jo út om by ús komme to trainen. Jo binne altyd wolkom.

Bannen:
Wy hawwe tige goeie bannen mei kendokeppels yn Meppel, Maastricht, Seikenjuku yn Oldenburg en Noru-ken yn Dietzenbach, deun tsjin Frankfurt oan.
Troch in útwikselingsstudent ut Japan, hawwe wy ek konneksjes mei Ikedashi Kendo Iaido feriening yn Osaka, Japan.

kontakt:
De baes:
Willem Riesenkamp
Tillefoan: 050-3130684
De frou fan Willem nimt ornaris de tillefoan op, en sy sprekket geef frysk. Dat jim hoeche jim net to ferbrekken.
Email: willem@wilbo.demon.nl

Spinreachmaster:
Wim Horenberg
Email w.j.Horenberg@home.nl

Jo kinne ús opsykje :
Tiisdei to joun fan 8 oant 9 joun: de beukerklas
Tiisdei to joun fan 9 oant 10: de middelste klas en de foardere
Sneon to moarns van 11 oant 1 breaiterstiid: de foardere

It plak:
Wy oefenje yn de Sionstsjerke, dat fan oarsprong in grifformearde tsjerke is. It fine is der no wol of.
Adres:
Korrewei 198
9715 AM Grins (justjes oer de fryske grins, dat jim kin jouns smûk wer nei hûs ta. Want se sizze yn Grins dan dat der neat boppe Grins giet, mar wy in Fryslân witte wy: Fryslân boppe!